Skip to content

Snypsnaren

Foar it Sutelplak (en ek foar de Bernewrâld) sykje wy snypsnaren, smyt se net fuort mar tink efkes oan ús. Ha jo thús wat brûkbers wêr jo neat mei dogge? Faaks kinne wy hjir wat mei. Graach wolle wy de bern belûke yn it meitsjen fan knutsels mei materiaal wat faaks foarhannen is.

bso

Wêr tinke wy dan oan? Oan karton, doaskes, glêzen potten, huodsjes, stofkes, jirn, hout, plankjes, klean om te ferklaaien, buiskes fan plastic, bakfoarmkes, tou, lint, cd’s âlde ansichtkaarten, opbergbakken, kloskes, knopen, servetten mei print. Jo ha grif selts ek wol ideeën.

Witte jo it net rjocht; stjoer dan in mail. Wy sille dizze sa gau as mooglik beantwurdzje.

Afbeeldingsresultaat voor foto knopen/lint/stof

Back To Top